60 jier ferlyn:  Oantinkings oan de oarloch

                                                     fan Grietsje Krikke-Bijlsma

Ynlieding

 

Oan Albertsje Alkema - ten Hoeve ha ik beloofd om mei te wurkjen oan in tentoanstelling oer de Twadde Wrâldoarloch. Ik sil besykje dêr wat oer te skriuwen. Wy wennen doe op it ein fan de Ouwer, wat no Sluisweg 6 is. Us heit Klaas Bijlsma en syn frou Reinschje Bijlsma-van der Meer buorken dêr. Ik wenne noch thús, wie 15 jier doe ’t de oarloch útbriek en 20 jier doe ’t de befrijing kaam. Dus de moaiste tiid fan myn jonge libben.

 

Spannend Begjin

 

Yn de earste oarlochsdagen wie myn broer Knelis as soldaat yn it gefaregebiet. Doe ’t nei in oantal dagen ús soldaten harren oerjaan moasten oan de fijân, kamen de earste goeie berjochten al fan de militêren út ús doarp dy’t doe yn de striid wiene. Mar wy krigen gjin berjocht fan myn broer. Dus in net te beskriuwen grutte spanning en ûnrêst foar ús. It hiele doarp libbe mei. Om de sinnen wat te fersetten begûnen ús heit en mem mar te bûthússkrobjen.

 

Dy freeslike ûngerêstheid duorre in wike. Doe kaam Tine Wagenaar der oan, in dochter fan plysje Wagenaar fan Skarsterbrêge. By it postkantoar dêr wie in ansichtkaart kaam foar ús út it getroffen gebiet. Tine brocht ús gau dy kaart, wêrop stie: “groeten Kornelis en alles wel”. It poststempel wie fan nei it oarlochsgeweld.  (Belje wie der net by, alles moast oer de post!).

Wy hawwe gûld fan blydskip.

 

Alles op de bon

 

It libben gie troch mei alle feroarings dy ‘t it meibrocht. Koest it hast sa gau net ferwurkje. Alles gie op de bon. Alle itensguod, sa as bôle en bûter en neam mar op. We kochten in spinnewiel en learden hoe ’t we spinne moasten. Sa makken we sels de klean troch skieppewol te spinnen. Sels bûter meitsje wie in daaglikse bezichheid. Mar we wiene tankber dat we ús rêde koene.

 

Us lân waard hieltyd earmer en earmer. Alles waard hjir weihelle. Grutte boaten mei mais en rogge fearen deis troch de Skarsterrien en giene letter rjochting Dútslân. En de Hollanders stjerden fan `e honger.

 

Evakuees en ûnderdûkers

 

In soad Hollanders hiene gebrek. Sa krigen wy evakuees út Arnhem en Den Haach. In man en frou mei in soantsje en in poppe op komst. Ek hiene we der in ûnderdûker by, Piet Blankespoor. Letter kaam myn suster Antsje ek noch mei har trije bern. Har man Jan moast ûnderdûke, want hy siet yn it ferset. Sa sieten we middeis mei in hiele kring om ‘e tafel. We hiene gelokkich genôch te iten, mei trochdat ús heit wol ris in baarch slachte. Mar altyd wie der dy spanning, altyd angst of de fijân ek komme soe. As der in Dútse auto oankaam moast ûnderdûker Piet wer flechtsje.

 

De measte jongemannen moasten ûnderdûke. Yn dy tiid stie ds. Geerling hjir. Hy joech wol op geheime adressen fraachlearen. Sa krigen se dochs wer stipe yn dy bange tiid.

 

Jetze Veldstra

 

Jetze Veldstra regele de ûnderdûkadressen. Mar it fersetswurk is him letter fataal wurden. Hy is op in dei troch de fijân oppakt. Dy deis seagen we Dútse auto’s foar harren pleats stean. Us mem sei: “Dit doocht net”. Letter hearden we dat Veldstra meinommen wie.

 

Dútsers op `e Rien

 

Wy hiene de kij oer de Rien. Yn de haaiïnge giene ús mem en ik te melken mei de boat. Soms kamen der fan dy kolossale grutte Dútse boaten oanfaren. Wy moasten harren dan mei ús lyts boatsje foarby. Dy grutte boat hie dan sa`n freeslike sûchkrêft sadat de golven hast oer ús hinne giene en ús boat de boaiem fan de Rien rekke. Mem deabenaud fansels, mar ik wie noch te jong om it gefaar te sjen. Letter tocht ik dêr wol oars oer!

 

De hynstefoardering.

 

Dan wie der ek noch in ferplichte hynstefoardering. As de Dútsers ferlet fan goeie hynders hiene, dan krigen de boeren dy’t in hynder hiene berjocht om nei de ferplichte foardering en keuring te gean. Dy wie yn it Hearrenfean, dêr `t de Dútse autoriteiten it foar it sizzen hiene. No, dat wie wol wat. We wiene sa wiis mei ús hynder en elk hynder wie foar ús ek net geskikt omdat we it measte wurk tichtby de Rien hiene. We woene earst it hynder mar stiekum thúshâlde, mar doarden it dochs net oan. Dus heit moarns ier en betiid mei hynder en wein nei `t Fean. Ik ha se noch neisjoen en tocht: Hoe komt dit? Mar middeis kaam ûnderdûker Piet foar it finster en rôp: “Oom komt eraan met het paard, kom gauw”. (Piet sei altyd “oom” tsjin ús heit). Doe ha ik de hiele Polderdyk draafd oant it ein ta en dêr wie heit mei it hynder en wein. Wat wiene we bliid!  Hja woene it hynder earst al hawwe, mar in kunde fan it Lânboudistrikt hie sein dat dizze man syn hynder persee net misse koe. Sa kaam it dochs noch goed.

 

Unskuldich dea

 

Us jonge jierren giene sa mei hoop en frees foarby. Ek barden der hiele slimme dingen. Sa as doe yn Dunegea, dêr `t tsien ûnskuldige Friezen deasketten waarden, Hotze Brouwer út Haskerhoarne wie der ien fan. It heucht my noch as de dei fan juster. Moarns kaam skilder Kampen by ús en dy die it tryste ferhaal. Letter wiene der yn de Lytse Polder in pear Dútse auto`s. Pyt flechte mei myn suster Antsje de Skarsterrien oer. Se sieten de hiele dei yn it lân fan Bokma, achter in wynmotor. Mar lokkich gie alles wer goed.

 

Mem siik

 

Al mei al waard it ús mem tefolle en rekke hja oerspand. Se moast rêste en sei tsjin my : “ No moasto it mar fan my oernimme”. Der wachtte my in net sa maklike tiid mei it hûs fol minsken en in sike mem. Ik koe it hast ek net oan.  Lokkich hat myn suster Antsje ek in soad holpen. It wie in tiid fan fallen en opstean.

 

Oarlochspear

 

Yn de oarloch is myn broer Knelis troud mei Sip Dijkstra fan Haskerhoarne. It breidspear gie yn `e “dogkar”  (iepen rydtúch mei in hynder yn stokken derfoar) foarop nei it gemeentehûs yn Heremastate op `e Jouwer. (Dat wie doe noch de gemeente Haskerlân).   Wy allegearre op de fyts der achteroan, auto`s wiene der net. Mem wie wer wat opknapt en sa waard it dochs in fleurige dei.

 

In sulveren râne.

 

Us mem mocht altyd graach nei radio Oranje lústerje. Elk moast de radio ynleverje, mar wy hiene him goed ferstoppe. Sa hearden we altyd nei keninginne Wilhelmina út Ingelân. (dy wie dêrhinne flechte).  En as hear ik it har noch sizzen: “Landgenoten, houd moed, de bevrijding is in zicht!”  Ek dwarrelden der aardige krantsjes út de Ingelske fleantugen nei ûnderen. Der stiene moaie foto`s yn fan prinses Juliana mei de famkes. Sa hiene de tsjustere wolken dochs noch in sulveren rântsje! En hiel, hiel  stadichoan kaam yn dy dagen de befrijïng wat yn sicht. Mar we wiene der noch lang net, noch altyd kostte it minskelibbens.

 

Skarsterbrêge

 

Einlings wie it safier. De befrijers kamen yn Skarsterbrêge oan. Mar wat is dêr noch freeslik fochten. Ik stie achter ús hûs en koe it sjitten hearre en de pleatsen seach ik brânen. Kornelis Klijnsma is doe ferbrând. Jûns stiene oan de oare kant fan de Rien in protte minsken dy’t foar it geweld op de flecht gien wiene. Us heit hat harren oersetten mei de roeiboat en nei ús hûs ta brocht. Dy nachts hawwe hja by ús yn it hea sliept.  Folle letter krigen wy as tank in tegeltsje, wêrop in man yn in roeiboatsje mei flechtelingen stiet. (dit tegeltsje komt ek op de tentoanstelling).  De oare deis binne we nei Skarsterbrêge gien. Wat wie it dêr slim. It wie mei gjin pinne te beskriuwen. Oeral leine Dútse soldaten dea yn de berm. Koest wol sjen dat der hiel jonge jonges by wiene.

 

Ds. Geerling

 

De sneins dêrop moast ds Geerling yn Skarsterbrêge preekje. Nei ôfrin koe er net nei hûs, want de brêge waard opblaasd. Doe rûn hy mar troch de lânderijen nei de Skarsterrien. Wy hiene it earst net troch, mar ús mem sei: “Dêr rint in man mei in kofferke, wat moat dy dêre?” Ik sei: “Dat liket ds. Geerling wol!”  Ik gie gau yn de roeiboat en ha him oersetten. Hy fertelde my it hiele ferhaal oer de opblaasde brêge. Wêrom dit nei alle gefechten noch plak fine moast, wit ik eins net goed mear. Miskien wie it noch in lêste “stuiptrekking” fan de fijân.  De tsjerke wie skansearre troch in soad kûgelgatten yn de toer. Mar der wie dochs noch in tsjerketsjinst. Wêr kin men dan better wêze as yn Gods hûs?

 

Befriiïng

 

Nei 5 jier seagen we in soad bekinden wer. Underdûkers kamen wer tefoarskyn. We wiene allegearre bliid elkoar wer te sjen. Famkes dy`t ferkearing hiene mei Dútse soldaten, waarden pakt en kealknipt. Dat wie wol in tastân.  Yn it lytse oarlochskrantsje fan de Jouster Krante stie in ferslach oer de befriiïng. Ek stie dêryn wat ds Geerling dy sneins sei: De Heere heeft grote dingen aan ons gedaan, die`s zijn wij verblijd.  Yn de oarloch wiene de tsjerken altyd grôtfol, dêr sochten de minsken treast en beskerming.

 

Ta beslút:

 

Al bin ik no 80 jier, ik libbe wer even yn myn jonge jierren. Ik siet wer even midden yn de oarloch. Dy tiid sil ik noait ferjitte.

 

Grietsje Krikke-Bijlsma

 

(Deze verhaal staat nu in een boek over de Tweede Wereldoorlog in Ouwsterhaule;  het boek heet "It wie doe sa" en is te koop (kosten 17,50 euro) bij:

Foppe Veldstra, Wolsmastate 9, 8513 CN Ouwsterhaule, Tel. 0513 551026.)

 

Return to Home Page