Wapens komme ut de loft del.

(in  "Kriich Tsin Frjemd Folk - Tinkboek fan it Fryske Illegale Forset yn 'e Jierren 1940 - 1945" fan J. P. Wiersma; uitgegeven door Fa. A. J. Osinga, Bolsward, 1946; pp 91 – 94.)

It wie al djip yn 1944. Hjerstmoanne foel fan ‘e kalinder. De legers fan de alliearden marsjearden troch België op ús grinzen oan. Op Snein, de trêdde Septimber, middeis om ien ûre namen se Brussel en setten daliks it Noarden yn. Wylde forhalen rounen as diggelfjûr troch lân en gea. Op "Dolle Tiisdei" – de fyfte Septimber – krigen de N.S.B.-ers in binaude set: se rounen as hazzen ús lân út en sochten taflecht by harren greate Germaenske Fürher. It nijs wie net fan de loft. De Spoarwegen stake! … "Uitzonderingstoestand", proklamearre de "Höhere S.S.- und Polizeifürher Nordwest": Rauter … Op Snein de sawntjinde bringt de radio in nije skok: "Geallieerde luchtlandingstroepen zijn neergelaten in het Lek- en Rijngebiet." Bliid-meitsjende dingen. De need lichtet. De hope op útrêdding lit in ljochstrieltsje falle op it illingdige bistean fan in frijberne folk onder de Dútske koejenaesje.

It giet nou hurd op striid oan. De Fryske illegaliteit is klear! De N.B.S. (ûnstien út de fusy fan de K.P. en de O.D.) had syn organisaesje oer Fryslân útlein: in greate trije tûzen man sabotaezje- en fjochtploegen biidzje har ûre… Mar – der binne gjin wapens! Hege tiid is ‘t dat d’r middels to baet nommen wurde om it illegale leger to biwapenjen. Ien machtige rop om wapen-ark dreunt troch de krochten fan de ûndergrounske. Jow ús wapens! en wy sille fjochtsje en de Dútskers hjir weireagje!…

Yn dy nuodlike Septimberrite makke de N.B.S. tarissing foar it militaire forset tsjin de ûnderdrukker. To Earnewâld húsmanne it "Trio", oprjochte fan de Gewestlike stêf N.B.S., dat as opdracht krige de militaire operaesjes to lieden. Ien fan de Trio-mannen wie kapitein Pander (skûlnamme de With): yn syn funksje fan "Gol" (Gewestlik Operaesje Lieder) arbeide hy de militaire plannen út en bistudearre it fraechstik fan biwapening fan de Fryske illegalen op korte termyn. It spriek fansels dat dy wapens út Ingelân komme moasten. Mar hoe? En as de Royal Air Force aensens klear wie om wapens boppe Fryslân del to litten, hwersanne koe dat mei skik barre, sûnder dat de Dútskers der eat fan murken?

Yn dyselde snuorje krige it "Trio" kontakt mei in Ingelsk Commando, dat yn Drinthe delitten wie en ûnderdûkt siet op in buorkerij tichte by Odoorn. De lieder fan it Commando wie Captain Macbeaf; syn ploechje bistie ût trije Ingselske ûnderoffisieren en in Nederlânske Joad. Dit Commando fan fiif man hie al frijwat út ‘e wei set; hja wienen yn Afrika bigoun, waerden letter dellitten op Sicilië; doe twaris Itaelje, ienris yn Frankryk en ienris yn België en op ‘t lèst yn Drinthe. Hja waerden efter it front dellitten om illegael to arbeidzjen; dan lieten hya "it front oer harren hinne gean", sa’t se it neamden, en tsjinnen harren legers mei paedwizen en ynljochten. Hja hienen foar de tiid fan fjirtjin dagen iten en drinken by harren, en fierders wapenreau, in pear sein-apparaten en in pear ûntfangtastellen. It Commando fan kaptein Macbeaf winske it lêste illegale nijs út Fryslân to witten, en sadwaende stjûrde de Drinske Undergrounske – dy’t ta biskerming toalve wapene mannen op Macbeaf syn buorkerij, of dêr om ende by lizzen hie – in koerier nei Fryslân ta om dêr ris de hichte te heljen. Dat wie fan gefolgen dat de Gewestlike Commandant N.B.S. Fryslân nei Drinthe ta reizge en bij kaptein Macbeaf kaem. De G.C. (forkoarting fan Gewestlike Commandant) hie allerhande dokuminten by him, dat Macbeaf kaem alles to witten hwat er witte woe. Hy wie wakker to sprekken oer it tariedende wurk yn Fryslân, lyk as yn hiel Nederlân. Kin ik jo helpe?, frege er.

    --Ja, mei wapens, andere de G.C.

    --‘t Sil barre, sei er.

En dy tasizzing kaem Macbeaf nei. Hy biwurke, dat de R.A.F. yn Fryslâm wapens delsmiet: yn de tiid fan in moanne wienen toalve hûndert ûndergrounske striders biwapene!

De earste "wapendropping" barde ein Oktober tichte by it Nannewiid tusken Aldehaske en Sint Jehannesgea; sawn en tweintich parachutes hongen yn ‘e loft en daelden krekt op it stik lân, dat der foar ornearre wie. Oan eltse parachute hong in "container" en yn eltse container siet foar in gewicht fan sa’n treddelhûndert kilo gewearen, stens, bazooka’s, revolvers, munysje, ensafuorthinne. Inkelde dagen letter, dêr hienen je de R.A.F. al wer! Dy nachts waerden der wer sawn en tweintich containers heind … en wrachtsjes, der kamen ek noch libbene minsken del! … och, och, hwat spalken dy âlde K.P.-ers fan Ychten en de Jouwer de eagen op, doe’t se dêr twa frjemde keardels libbensliif foar harren stean seagen, kammeraten!, illegale striders, troch Ingelân nei Fryslân ta stjûrd om mei harren stipe de N.B.S. to wapenjen. De iene wie in Fries, de oare in Hollanner, mar beide wienen yn de útrissing fan Ingelsk lutenant. De iene, dy’t "Kees" neamd waerd, wie de foarige deis to Londen troud: op syn persoansbiwiis stie "landbouwer te Drachten". It wie toch noch mar in jonge fint, amper fiif en tweintich jier.

Dy nachts waerden de delkommen wapens op in buorkerij yn ‘e omkrite fan it Nannewiid forstoppe; it spul kaem op ‘e heasouder efter pakken strie mar tige kreas to plak. De twa offisieren hienen seinapparaten by harren en soargen foar dagelijks kontakt mei Ingelân. Radiografysk fongen hja alle tidingen ut Ingelân op en lâns dyselde wei brochten hja it nijs ût Fryslân oer Dútske plannen en ûndernimmingen oan harren opdrachtjowers yn Ingelân oer. Dy beide seiners moasten in goed plak ha; hja waerden fan de iene boer nei de oare forbrocht, mar al gau krigen se in fêst plak, to sizzen yn in boatsje oan ‘e ich van it Nannewiid, gnap camouflearre troch de reidkraech. "Kees", de seiner, hat dêr de hiele winter sitten, meastentiids allinne, en dochs ek wer net allinne.

Hwant nacht en die wie hy yn de biskerminge fan de biwakingsploech, bisteande ût K.P.-ers ût Ychten en de Jouwer en N.B.S.-ers ût Haskerlân, meiinoar fiifentweintich man, dy’t bar om bar de wacht hâlden. Twaris deis spande "Kees"de antenne op ‘e boat, en dan seinde er. Hy hie deis en nachts de learzens oan, krige nea de klean ût, hwant dat wie n’t heal fortroud. En mocht der al ris in oerfal driigje, dan hie "Kees"de bêste wapens ta syn foldwaen, dêr koe er wol op in distânsje fan in kilometer syn fijannen it ljocht mei útblieze. Om himsels hwat op te monterjen hie er rom tabak en whisky by him … De lêste wike foar de Bifrijing siet "Kees" ûnderdûjt yn ‘e Haske.

Fjouwer nachten, noch al hurd opinoar, hawwe se dêr oan ‘t Nannewiid in "wapendropping" hawn. Forskate boeren yn Haskerlân hawwe net skroomd om de noed op harren to nimmen, dy delkommen wapens yn skuorren en op souders to forstopjen. Mar der skûle forriedderij ûnder, mei it tryste ein, dat twa fan dy fikse boeren, Brouwer by it Nannewiid et De Ruiter fan ‘e Haske, letter by Dunegea deasketten binne. Doe wie de kaert forjown en moast op oare plakken it dellitten fan wapens organisearre wurde.

Op it buro fan it "Trio" to Earnewâld waerden de "wapendroppings" yn kaert brocht. Kapitein Pander, alias de With, alias Oom Otto, reizge nei "Kees" ta. Dy brocht de terreinen op syn stêfkaert oer, tige persiis wurk. Dan spande er de antenne op syn boat en seinde syn "gegevens" yn code-letters nei Ingelân ta. Men socht fan de doarpen en iepenbiere wegen ôf. Dan seinde "Kees" begelyks: dêr en dêr leit in gaedlik terrein, op in distansje fan 1200 meter fan de doarsptoer fan … en in moune op in distânsje fan 200 meter. Ek moast et krekt opjaen, hoe’n sterke Dútske bisetting yn de omkriten fan dat stik lân lei.

In pear dagen letter krige "Kees" it andert út Ingelân al. Men seinde: it terrein dat er opjown hie, wie goedkard. (It waerd ek wol ris ôfkard.) Nou krige it terrein in namme. Allinne "Kees" wist hokker namme. Hy stelde in slachsin en in seinletter fêst. Nou stjûrde "Kees" in koerierster nei de "Dik", de kommandant fan it distrikt, mei in geheim skriuwen dêr’t yn stie: jou terrein is goedkard; jou slachsin is "De melk kookt over": jo kinne dy slachsin biharkje yn in B.B.C.-nijs, middeis om kertier foar twaën en jouns om acht ûre. En dan wie it: harkje, jonges! Kaem op in goede dei die slachsin troch, dan wie it distriksburo yn top en takel; alle man fan de sabotaezje-ploech waerd oansein, der komme fannacht wapens ût ‘e loft, sa en sa let op jim plak wêze. Al it oare wurk stie stil; dit moast foargean. Elk socht syn wapen, it jounbrea waerd hastich nei binnen slein … en dan gloepen dy mannen yn ‘t tsjuster it doarp út, hoedend, tige hoedend (hwant it wie sperr-tiid!) nei ‘t plak fan it gearkommen ta.

De manskippen waerden yn twa ploegen yndield: in sjou-ploech en in forwar-ploech. Kamen de Dútskers harren oer ’t mat, dan wie ‘t birie mar koart, der moast ynbaernd wurde, hwant it gyng om ‘t libben fan de hiele ploech. Like seldsum as lokkich kin ‘t hjitte, dat by in "wapendropping" yn ‘e nacht sa’n sitewaesje him nea foardien her. Likegoed wienen se foar alles klear, èk om har libben sa djûr as mooglik wie to forkeapjen.

Return to Home Page